Gemeente Kollumerland c.a.
Fryslân hat in ynwennertal fan rûn de 640.000, ferdielt oer 31 gemeenten.
De Gemeente Kollumerland c.a. is dêr ien fan. De gemeente hat in oppervlakte fan 11.635 ha. en telt mear as 13.000 ynwenners, ferdielt oer tolve doarpen. It haadplak is Kollum, in doarp mei ûngefear 5.700 ynwenners. De oare doarpen binne: Augsbuurt, Burum, Kollumerpomp, Kollumerzwaag, Munnekezijl, Oudwoude, Triemen, Veenklooster, Warfstermolen, Westergeest and Zwagerbosch.
Kollumerland c.a. leit yn it Noardeasten fan Fryslân.
De offisjele namme van de gemeente is “Kollumerland en Nieuwkruisland”. Dit is ôfkoart nei “Kollumerland c.a.”. Dat c.a. betsjut “cum annexis”, dit is Latynsk en betsjut “mei alles wat der ta heard”.
Kontakt
Gemeentehûs: Van Limburg Stirumweg 18, 9291 KB Kollum
Post adres: Postbus 13, 9290 AA Kollum
Tel.: +31 (0) 511 458 888
Faks: +31 (0) 511 458 846
E-mail: gemeente@kollumerland.nl
Iepeningstiden: fan 09.00 – 12.00 oere
foar besikers
Lânskip
Yn Kollumerland c.a. fynst in ferskaat oan lânskippen. Yn it suden fine jo de beamwâllen en yn it noarden fan de gemeente de fiersichten op de klaaigrûn.
De gemeente hat toeristen in soad te bieden. It is in hiele skjinne gemeente. Hjir is romte rêst, skjinne grûn en loft.
It Lauwersmargebiet leit foar in grut part yn de Gemeente Kollumerland c.a. Dit is in prachtich natuergebiet, poer geskikt foar fiskjen, fytse, kuierje, fûgels besjen ensafuorthinne.
It is wier de muoite wurdich om dêr ris hinne te gean.
Wy prate ek Frysk en Grinsers
Kollumerland c.a. is de iennichste Fryske gemeente wêr’t en Frysk en it Grinsers praat wurdt.
Dwers troch de gemeente rint de Grinser-Fryske taalgrins. Yn it westlike diel fan de gemeente (it earder “Oostbroeksterland”) wurdt Frysk sprutsen. De dialekten yn it eastlik diel (it eiglike Kollumerland) wurde ek wol it “Kollumerlands” neamd en ta it Nedersaksische dialekt Westerkwartiers rekkene.
De doarpen wêr’t it Kollumerlands noch sprutsen wurdt binne: Burum, Munnekezijl, Warfstermolen en Kollumerpomp. It dialekt yn dit lêste doarp, it Kollumerpompsters wurdt as in aparte tak sjoen fan it Westerkwartiers, hoewol’t de ferskillen mei it Kollumerlands yn de rin fan ‘e tiid minimaal wurden binne. Om’t it Kollumerlands ek in soad ynfloeden hân hat fanút it Frysk, kin de taal ek diels as Frysk dialekt sjoen wurde. Hjirtroch wurdt it as in brêge sjoen tusken it Frysk en it Nedersaksisch. Yn it haadplak Kollum sprekt men in eigen dialekt, it saneamde Kollumers. Dit is in variant fan it Stedsfrysk.
Contactgegevens
Van Limburg Stirumweg 18
9291 KB Kollum
Postbus 13, 9290 AA Kollum
T: (0511) 45 88 88
F: (0511) 45 88 46
E: gemeente@kollumerland.nl
Klik hier voor de openingstijden
| Bezwaarschrift indienen |
| Paspoort/nederlandse identiteitskaart |
| Uittreksel burgerlijke stand |
| Verhuizing binnen deze gemeente |
| Verhuizing naar deze gemeente |